In Fryske crime-searje: wêr moat dy neffens dy oer gean?

12 jun 2019 - 20:48

In drugslab yn de Fryske Wâlden? In keunstrôf yn it Keramykmuseum fan Ljouwert? Minskehannel op it Waad? Samar wat foarbylden dy't it Ljouwerter platfoarm New Noardic Wave jout foar in nije searje oer misdie yn ús provinsje. Wa't in better idee hat kin it op 22 juny pitche yn Ljouwert.

Foto: Shutterstock.com

De ambysje fan New Noardic Wave is om de crime-searje noch foar 2022 op ien fan de grutte fideo-on-demand platfoarms lykas Netflix of Videoland te krijen. Dêrom siket New Noardic Wave nei it bêste crime-idee fan Fryslân.

Anton Felipa fan New Noardic Wave wol fierder bouwe op de filmscene dy't der al yn Fryslân is, tink oan it Noordelijk Film Festival. "Wij denken: hier in Friesland gebeurt heel veel en we zijn heel goed in het vertellen van verhalen. Nu gaan we een stap verder."

Wedstriid

Sneon 22 juny binne minsken wolkom op de Voorstreek yn Ljouwert om harren idee foar te lizzen. De bêste 10 ideeën wurde útnûge om op 18 july in workshop te folgjen. Dan is der ûnder oare ien bywêzich om de dielnimmers te begelieden mei de finansjele útwurking fan harren plannen.

Felipa: "We kijken of het wel realiseerbaar is en of het wel een aantrekkelijk verhaal is. Je kunt iets verzinnen met seriemoordenaars, maar je moet het wel goed naar voren kunnen brengen." De bêste 5 plannen dy't úteinlik oerbliuwe, wurde presintearre oan omroppen, filmmaatskippijen en streaming-platfoarms lykas Netflix en Videoland.

Wêr moat dyn plan oan foldwaan?

"Het gaat voornamelijk om een idee, een synopsis die je een beetje op papier kunt zetten. En het moet in Friesland plaatsvinden. Je kunt denken aan een drugslab, mensensmokkel, witwassen in Leeuwarden, noem maar op." Felipa wit dat der moaie ideeën komme kinne. "Er is zoveel creativiteit en er zijn zoveel mensen met talent."

Anton Felipa fan New Noardic Wave

Hasto in goed idee? Dan kinst dy opjaan fia de webside fan New Noardic Wave.

(Advertinsje)
(Advertinsje)