Einlik wer winst foar Nederlânske follybalsters yn Nations League

12 jun 2019 - 20:08

De Nederlânske follybalfroulju hawwe woansdeitejûn nei fiif nederlagen op rige wer ris in wedstriid wûn. Yn de Nations League pakte Oranje in 3-0 oerwinning tsjin de Dominikaanske Republyk. Marrit Jasper fan Snits kaam woansdeitejûn net yn aksje.

Foto: Omrop Fryslân

De setstannen yn Stuttgart wiene 25-18 25-21 25-19. Tongersdei komme de Nederlânske froulju noch yn aksje tsjin gastlân Dútslân. Dêrnei wurdt mei trije wedstriden yn Ruslân de Nations League ôfsletten.

Woansdei joegen de froulju noch in foarsprong fuort tsjin België en waard mar krekt ferlern.

Trefwurden: 
follybal Nations League
(advertinsje)