Urban Trail Ljouwert krijt ferfolch

De earste Ljouwerter 'Urban Trail' dy't ferline jier foar it earst hâlden waard, krijt in ferfolch. Snein 23 juny set de twadde edysje fan it draafevenemint útein. Ferline jier wie de Urban Trail mei 2.000 dielnimmers folslein útferkocht. De rûte giet dwers troch de binnenstêd fan Ljouwert.
De Urban Trail yn 2018 © organisaasje Urban Trail Leeuwarden
De 'KLM Urban Trail' giet by in tal Ljouwerter bedriuwen en ynstellingen nei binnen. Dielnimmers drave of kuierje dwers troch de gebouwen hinne. De rûte giet ûnder oaren fia hotel Post-Plaza, de Blokhúspoarte, it keramykmuseum Princessehof, Neushoorn en lâns de kazerne fan de brânwacht.

Ynskriuwing

Neffens Remco Bruijns fan de organisaasje is it advys om net te lang te wachtsjen mei it ynskriuwen foar it evenemint. "Deelnemers kunnen bij inschrijving kiezen voor hardlopen of wandelen. Op het parcours is het nog mogelijk om te kiezen voor de 5 km of 10 km bij de splitsing. De start- en finishlocatie is voor iedereen gelijk", seit Bruijns.
De 'KLM Urban Trail' is in lanlik draafkonsept dat neffens de organisaasje hieltyd populêrder wurdt. Dit jier fine der edysjes plak yn Swolle, Rotterdam, Grins, Amsterdam, Eindhoven, Maastricht, Haarlem, Den Haach en Den Bosch.
De Urban Trail yn 2018 © organisaasje Urban Trail