Sander Arends rêdt it krekt net op by ATP-toernoai Rosmalen

Tennisser Sander Arends út Ljouwert is der net yn slagge de twadde ronde te berikken fan it ATP-toernoai fan Rosmalen. Op it Brabânske gers ferlear hy, tegearre mei syn dûbeldmaat Matwé Middelkoop, mei 7-5, 6-7 en 5-10 fan Rajeev Ram út Amearika en Joe Salisbury út Ingelân.
Ynterfjoe Arends nei de partij
De partij yn de earste ronde begûn fiif oeren letter trochdat der in soad rein foel yn Rosmalen. Doe't it einlik drûch wie, krige it publyk in tige spannende wedstriid te sjen. Arends spile sterk oan it net, en soarge der sa ek foar dat hy en Middelkoop de earste break fan de partij makken.

Lykweardige wedstriid

Hoewol't Arends sels dêrnei ek syn opslach ferlear, pakten se wer in break foarsprong. Dizze kear makken se de set wol ôf, 7-5. Yn de twadde set wiene der kânsen foar beide teams, mar alle servicegames giene nei de opslaande partij. Dêrom moast in tiebreak útkomst biede. Dêryn kamen Arends en Middelkoop in saneamde minibreak foar, mar efkes fan 4-4 ôf pakten se gjin inkeld punt mear.

Supertiebreak moat beslissing bringe

Yn de tredde set moast in supertiebreak de beslissing bringe. Oant 3-3 gie it dêryn gelyk op, mar nei in pear missers fan benammen Middelkoop waard de efterstân al gau te grut om noch yn te heljen. Nei goed oardel oere tennis makke Salisbury it duel út mei in knappe folly.
Ram en Salisbury binne as fjirde pleatst yn Rosmalen. Yn de folgjende ronde spylje se tsjin Alex de Minaur út Austraalje en David Vega Hernandez út Spanje.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Arends sil ek de kommende wiken mei Middelkoop spylje: "Vorig jaar hebben we goede resultaten gehaald op gras. In Antalya haalden we de finale en op Wimbledon wonnen we ook een rondje. Dus toen hij me vroeg hoefde ik daar niet lang over na te denken." Arends en Middelkoop spylje nei alle gedachten ek dit jier tegearre yn Antalya foar't se yn Londen dielnimme sille oan Wimbledon.
Dat betsjut wol dat hy net langer trochspilet mei syn fêste dûbeldmaat, Tristan-Samuel Weissborn út Eastenryk. De ôfrûne wiken spile hy dêr noch in flink oantal toernoaien mei yn Azië. "De resultaten waren daar wel goed, maar bij mij overheerste de vraag hoeveel rek er nog inzat bij ons als duo. Daarom heb ik uiteindelijk de knoop doorgehakt en heb ik Sam laten weten dat ik niet verder wilde. Hij vond dat wel moeilijk, maar begreep het wel."

Arends fierder mei nije dûbeldmaat

Foar de perioade nei it gersseizoen moast der dus in nije dûbeldmaat komme. Uteinlik is dat David Pel wurden. Mei Pel spile Arends ek al it grutte World Tennis Tournament, earder dit jier yn Rotterdam. "Daar verloren we in de eerste ronde, maar het voelde wel goed. We hebben daar als duo prima gespeeld."
Sander Arends YNTERFJOE TOTAAL
De bedoeling is dat de gearwurking foar de lange termyn is. "Bij Roland Garros waren de laatste vier koppels allemaal landgenoten. Ik geloof daar heilig in dat dat werkt. En met David kan ik een team opbouwen. We trainen bij dezelfde trainer, hebben dezelfde fysiotherapeut. Dan kun je groeien als team."
Oer syn ambysje foar it nije koppel Arends/Pel is de Ljouwerter tennisser dúdlik. "Ik wil standaard toernooien zoals Roland Garros en Wimbledon spelen. Ook de grote Masters-toernooien zoals Monte-Carlo, Rome en Miami zijn een doel. Dan moet je bij de beste 40 van de wereld staan. Dat hoeft niet meteen, tenslotte is deze sport een marathon en geen sprint, maar over 3 of 4 jaar moeten we daar als duo wel staan."