Meitsje noch foar it reses in finansjeel plan foar Dantumadiel, fynt de FNP

12 jun 2019 - 18:20

Der moat noch foar de simmerfakânsje in plan komme om de finansjele problemen yn de gemeente Dantumadiel op te lossen. Dat fynt de FNP yn Dantumadiel. De partij makket him soargen oer 'it herstelplan' dat it kolleezje yn septimber oan de gemeenteried foarlizze wol.

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar in soad boargers is it in lange tiid fan ûnwissigens. De partij hat dêrom in fersyk yntsjinne by de foarsitter fan de gemeenteried, mei stipe fan de riedsleden fan it CDA en de VVD, om in ekstra riedsgearkomste yn te plannen foar nije wike tiisdei 18 juny.

Yn dizze gearkomste sil de FNP in moasje yntsjinje om noch foar it reses mei 'it herstelplan' te kommen.

Ferry van der Ploeg fan FNP Dantumadiel

Trefwurden: 
FNP Dantumadiel finânsjes
(advertinsje)
(advertinsje)