Cambuur en Zwolle noch fier út elkoar oer Mous, Jansen fuort

12 jun 2019 - 17:48

Der is noch gjin sprake fan in akkoart tusken SC Cambuur en PEC Zwolle oer in oerstap fan keeper Xavier Mous. De earedifyzjeploech wol Mous graach oernimme fan Cambuur, mar de doelman stiet noch in jier ûnder kontrakt en dus kinne de Ljouwerters jild freegje. "We zitten nog ver uit elkaar", lit technysk manager Foeke Booy fan Cambuur witte.

Foto: Orange Pictures

Cambuur is net fan plan om harren útblinker fan it ôfrûne seizoen samar gean te litten. De klup hat sels oan syn saakwaarnimmer witte litten dat se syn kontrakt, dat no noch rint oant en mei de simmer fan 2020, iepenbrekke en ferlingje wolle. Mar om't PEC Zwolle earedifyzje spilet, hat Mous wol earen nei in oerstap.

De klup út Zwolle moat dan wol mei jild oer de brêge komme. "Wij zijn duidelijk in wat we willen hebben. Het zit nog ver uit elkaar", seit Booy. Beide partijen bliuwe wol mei-inoar yn petear.

Laten we duidelijk zijn dat we Xavier het liefste houden.

Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur

Om't der al langer geroften geane dat Mous mooglik fuortgiet, sjocht Cambuur wol nei oare keepers. Nick Olij stie op it listje, mar hy tekene koartlyn by NAC Breda. Dêrom giet de syktocht fan Booy en Cambuur fierder. "Wij zijn niet blind voor andere keepers, maar laten we duidelijk zijn dat we Xavier het liefste houden."

Kevin Jansen

Cambuur makke woansdei bekend dat it Jamie Jacobs oernimt fan Jong AZ. Dat betsjut foar Kevin Jansen dat hy net weromkomt yn it Cambuur Stadion. De middenfjilder kaam yn de winterstop oer fan NEC en tekene doe in kontrakt foar in healjier yn Ljouwert. No't der mei Jacobs in nije middenfjilder komt, is it wis dat Jansen syn lêste wedstriid yn it giel-blau spile hat. Hy krijt gjin nije oanbieding fan Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)