Reitse Spanninga oer de nije hjerring: "Kulinêre porno"

De earste 'Hollandse Nieuwe' is tiisdeitemiddei op de Scheveningse fiskôfslach ferkocht foar mar leafst 95.500 euro. It fiskje is al jierren populêr. Yn syn rubryk yn De middei fan Fryslân stiet sjefkok Reitse Spanninga stil by dit barren en fansels hat er ek wat meinaam om te priuwen.
Sjoch en hear hjir it petear werom
Hy hat de hjerring fan syn fiskboer fan De Jouwer meinommen. Dy krijt se beferzen binnen, as ien klomp iis. "Dat is ferplichte, want earder hiest de hjerringwjirm en dêr wurdst net bliid fan, mei it befriezen giet dat bistje dea."
Wat is sa spesjaal oan de nije hjerring?
"De fisk moat op syn minst 16 prosint fet hawwe. Mar der komt ek mear by, dus oer trije wiken is de hjerring noch fetter, dat neame se keninginnehjerring."
Hoe ytst de hjerring?
"Pak him by de sturt en lit it sa yn de mûle glydzje." Omropkollega Lennie Bronsveld mei ek priuwe. "As bern mocht ik it net ha, mar yn 2014 hie ik in kollega dy't in doaze hjerringen meinaam, kompleet mei sipels en brea. Doe wie ik ferkocht. En no yt ik alle wiken ien."
En hoe smakket it?
Al smakkend litte Reitse en Lennie har it fiskje goed smeitsje. "Dit is kulinêre porno, geweldich, wat hearlik. Hy is goedkard hear" ropt de sjefkok út. Ek Lennie fynt it lekker. "Hy is stevich genôch." Se jout as sifer in 8,5. Reitse jout sels in 9.
Wêrom moatte we oan de hjerring?
"It is sûn minsken", seit Reitse Spanninga. "Froulju, jim krije der in geweldige hûd fan, it follet moai op as in natuerlike botoks. De hjerring kostet 3 euro en is in stik better as sa'n hamburger fan dy firma."
Noch in tip
As lêste hat er ek noch in tip: "Bewarje de sturt. Dy smyt ik by de buorlju yn de tún. dan geane de katten dêrhinne."
© Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld