Epitaaf fan Van Aylva yn Hilaard is bysûnder tinkteken

12 jun 2019 - 17:06

Ien fan de meast mysterieuze, antike pronkstikken yn Fryslân is it epitaaf fan Hobbe Van Aylva (van Alva) yn de tsjerke fan Hilaard. In epitaaf is in soarte fan rouboerd mei grêfskrift, mar dan oan de muorre fêst.

Hobbe van Aylva (1582-1645) wie grytman (boargemaster) fan Baarderadiel oan it begjin fan de 17e iuw. Syn epitaaf bestiet út ferskillende materialen as gips, marmer en hout en dat komt selden foar, wit restaurator Randolph Algera. Blykber wie it in bysûnder man.

Ek is it net gebrûklik dat it hiele monumint pas nei syn dea makke is. Meastentiids wie in rouboerd of tinkteken al hielendal klear op de stjerdatum nei. Dy waard dan ynfolle by it ferstjerren fan de persoan.

Skonken

It epitaaf fan Van Aylva is 13 jier nei syn dea makke en skonken troch Helena van Lycklama. De famylje Van Aylva wie ferbûn mei oare aadlike famyljes as Scheltinga, Heeringa en Lycklama.

Omrop Fryslân stjoert in rige út oer bysûndere rou- of memoarjebuorden yn it tv-programma Fryslân Hjoed.

(advertinsje)
(advertinsje)