Afke Boven oer nije spulsjo: "Ik haw my hiel goed fermakke"

12 jun 2019 - 16:46

Afke Boven docht mei oan in spulsjo op de lanlike telefyzje. De presintatrise fan Omrop Fryslân is oankommende sneon te sjen yn de kwis 'Ondertussen in Nederland', fan RTL. Yn dizze kwis nimme bekende Nederlanners it op tsjin minder bekende Nederlanners. Oer it doel fan de kwis is Boven hiel dúdlik: "Bekende Nederlanners tsjin de flakte hawwe."

Foto: Omrop Fryslân

"Moatst sjen datst winst fan in team fan bekende Nederlanners", begjint Afke út te lizzen oer it doel fan it spultsje. "Yn it team dêr't ik tsjin moast sieten Dave von Raven (fan de Rotterdamske band The Kik), Samantha Steenwijk (folkssjongeres) en Bertie Steur (Boer Zoekt Vrouw). Foar elke fraach goed krigest in provinsje en ast de measte provinsjes hast, winst."

Afke kin goed fertelle oer hoe't sy by dizze kwis kaam is. "By ús by de Omrop kaam der in berjocht wa't meidwaan woe. Ik haw my opjûn en bin útnûge foar in petear. Ik wie net senuweftich. It leuke is dat ik yn Hilversum en Amsterdam wurke haw dus ik kaam allegear âld-kollega's tsjin."

Oft ús Afke it programma wûn hat, kin sy fansels noch net sizze. Mar dat sy de finale spylje moast tsjin Bertie wol, want elkenien spilet in finale. "Sy sit ek yn Provinsjale Steaten dus dy wit ek echt wol wat. Mei de fraach hoefolle minsken yn Flevolân orale seks hawwe moast ik sjen te winnen."

Neffens Afke wienen der in hiel soad leuke fragen. "Der wienen gjin saaie fragen. Ik hie alle Alvestêdetochtfeitsjes en alles by de hân, want dêr mocht ik net fout op rinne, mar dy kamen der net yn."

Foto: RTL

Afke Boven yn spelsjo fan RTL 4 Ondertussen in Nederland

(advertinsje)
(advertinsje)