Acht konkurrinten foar Ljouwert yn striid om Songfestival

12 jun 2019 - 16:46

Yn totaal njoggen stêden of regio's hawwe har oanmeld foar de striid om it Eurovisie Songfestival takom jier te organisearjen. De stêden hawwe woansdei de kritearia krigen dêr't se oan foldwaan moatte.

Foto: ANP

Njonken Ljouwert hawwe ek Amsterdam, Rotterdam, Den Haag, Utrecht, Maastricht/Limburg, Arnhem, Breda en Den Bosch har oanmeld. Oare stêden dy't ek noch meidwaan wolle oan de striid kinne noch in bidbook yntsjinje. Uterlik 10 july moatte alle foarstellen binnen wêze.

Easken

De stêden wurde ûnder oare beoardiele op de beskikbere lokaasje, de kapasiteit en technyske fasiliteiten, akkommodaasje, ynfrastruktuer en berikberens. De organisaasje wol de definitive kar yn augustus bekendmeitsje.

Nederlân mei it Eurovisie Songfestival organisearje nei't Duncan Laurence yn maaie it festival wûn yn Tel Aviv.

(advertinsje)
(advertinsje)