Cambuur nimt middenfjilder Jamie Jacobs oer fan AZ

12 jun 2019 - 16:33

Sportklup Cambuur hat der in nije middenfjilder by. De 21-jierrige Jamie Jacobs komt oer fan AZ Alkmaar en tekenet in kontrakt foar twa seizoenen, mei in opsje foar noch in seizoen, by de Ljouwerters.

Foto: Orange Pictures

De middenfjilder moat noch wol in medyske keuring ûndergean. Jacobs hat earder by FC Volendam spile en krige dêr syn jeugdoplieding. Yn 2016 makke er de oerstap nei AZ. Yn 62 wedstriden kaam er ta alve doelpunten en acht assists.

"Enorme drive"

"Een jongen met een enorme drive en motor", sa fertelt technysk manager Foeke Booy oer de nije oanwinst. "Jamie steekt fysiek goed in elkaar en zorgt met zijn diepgang altijd voor gevaar. Hij kan bovendien een doelpunt maken en gaat gezien zijn jonge leeftijd alleen maar beter worden."

(advertinsje)