Smellingerlân ek yn problemen troch de jeugdsoarch: tekoart fan 1,6 miljoen

Ek Smellingerlân slút it jier 2018 ôf mei in negatyf resultaat, troch de ekstra kosten yn de jeugdsoarch. Dat docht bliken út it jierferslach fan Smellingerlân. It tekoart komt ek trochdat der efterstallich ûnderhâld fuortwurke wurde moast.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In soad gemeenten binne ferline jier yn de finansjele problemen kaam troch ekstra kosten by de jeugdsoarch; koartlyn noch Dantumadiel, Skylge, Ljouwert en Noardeast-Fryslân. Yn Smellingerlân is it tekoart 1,6 miljoen euro. De gemeente sil no besjen watfoar maatregels nedich binne om it tekoart op te lossen. Meikoarten krijt de gemeenteried de opsjes foarlein.

Mear wurk

Yn it jierferslach toant Smellingerlân him tefreden oer groei fan de wurkgelegenheid. It oantal banen is mei 1500 tanommen, de wurkleazens is sakke fan 7,9 nei 5,3 persint. Soargen binne der wol oer it oantal minsken mei in bystânsútkearing. Dat oantal is sakke yn 2018, mar bliuwt heech.