Ried fan Steat: wenning mei hynstestâl Surhústerfean mei der komme

12 jun 2019 - 15:50

Oan de Warreboslaan yn Surhústerfean mei dochs in wenning en in hynstestâl komme. Dat hat de Ried fan Steat woansdei besletten. De útspraak is in ôffaller foar de twa buorlju; dy hiene protest oantekene by de gemeente.

Foto: ANP

Sy binne benaud dat sy har útsjoch kwytreitsje. Boppedat binne sy benaud dat inisjatyfnimmer Van Dellen dêr úteinlik in hynstehâlderij mei maneezje begjinne wol en dat soe net binnen it bestimmingsplan passe.

Gjin probleem

De Ried fan Steat is it dêr net mei iens. Salang't Van Dellen dêr hynders fokt, is der gjin probleem. As der plannen foar in maneezje binne, dan kin de gemeente dêr tsjin optrede, troch it oanskerpjen fan it bestimmingsplan.

Fierder is de Ried fan Steat it net iens mei de krityk fan de buorlju dat de gemeenteried foarynnommen wie en Van Dellen befoardiele hat.

(advertinsje)
(advertinsje)