Filmke fan Fryske famkes miljoenen kearen besjoen

Brenda, Famke, Floor, Iris, Lea en Yasmine fan it Bornego Junior & Mavo op It Hearrenfean binne viral gien. Harren filmke oer klimaatferoaring is op Instagram yntusken al hast fjouwer miljoen kear besjoen.
De seis froulju wiene al in skoftke dwaande mei it klimaat en it plastic sop. Sa is Floor net lang lyn fegetariër wurden, en is Famke dwaande om smoargens om skoalle hinne op te romjen. Yn it skoft kamen de froulju op it idee om in fideo te meitsjen.
Dat it filmke yn koarte tiid sa populêr wurde soe, is in folsleine ferrassing foar de freondinnen. "We krijgen reacties uit de hele wereld, en ook veel verzoeken voor bijvoorbeeld sponsoring", fertelt Floor.
It antwurdzjen fan mails en telefoantsjes is hast in deitaak foar de klimaatentûsjastelingen, mar dat fine se allinnich mar moai. Se hawwe yntusken ek al in folgjende aksje op tou set: se roppe folgers op om op sneon 22 juny massaal op te romjen. Dat kin yn de natuer, mar ek yn it eigen doarp of yn de stêd.