De Fryske Paradoks: mei minder jild gelokkiger as oaren

Ekonomysk sjoen giet it yn Fryslân minder as yn de rest fan it lân. It opliedingsnivo is leger, der binne mear wurkleazen, en de salarissen binne leger, mar Friezen binne wol gelokkiger as oaren. It Frysk Sosjaal Planburo (FSP) neamt it de Fryske Paradoks.
© ANP
It Frysk Sosjaal Planburo presintearre woansdei in tsjok rapport oer it libben yn Fryslân oan de Provinsjale Steaten. Dêr stiet ûnder oare yn dat Friezen har relatyf feilich fiele. Der binne in protte frijwilligers yn Fryslân, mear as yn de rest fan it lân en it mienskipsgefoel is grut.
De ferwachting is wol dat der yn de takomst, troch de fergrizing, minder minsken wêze sille dy't as frijwilliger of as mantelsoarger oan it wurk geane.