Rêstpunt 'Nocht en Wille' iepenet doarren foar fytsers en kuierders by Terbant

12 jun 2019 - 15:08

Efkes bykomme fan it fytsen of in sanitêre stop meitsje? Dat kin tenei by ferskate rêstplakken dy't woansdei iepene binne. Provinsje Fryslân en de fiif gemeenten fan Súdeast-Fryslân wolle de Fryske Wâlden toeristysker en rekreatyf ferbetterje. Dit wurdt ûnder oare dien mei rêstpunten foar fytsers en kuierders, wêrûnder yn Terbant.

It is faak drok mei fytsers en kuierders by Erica Kroes foar de doar. Se wennet yn Terbant by natuergebiet de Deelen en iepenet har rêstplak 'Nocht en Wille'. In rêstplak is krekt wat oars as gewoan in picknicktafel en in jiskefet lâns in fytspaad.

"It is geselliger. Minsken kinne efkes in bakje kofje sette, of tee fansels", seit Erica Kroes. "Ek kinne minsken hjir harren fyts oplade of efkes nei it húske", fertelt se. "Ik woe altyd al in teetún, mar dêr ha ik gjin tiid foar. In rêstpunt is dêrom geskikt. De minsken kinne harren sels rêde, mar as ik wol efkes gesellich prate wol, dan kin dat ek."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek is by Erica Kroes en har rêstpunt

Kroes har rêstplak waard woansdeimoarn iepene troch wethâlder Hans Broekhuizen fan toerisme en rekreaasje fan gemeente Hearrenfean. Wethâlders fan buorgemeenten Opsterlân, Smellingerlân, Eaststellingwerf en Weststellingwerf wiene hjir ek by oanwêzich.

De fiif gemeenten en provinsje Fryslân binne dwaande de regio Fryske Wâlden yn trije jier te fersterkjen as it om toerisme giet.

Erica Kroes fertelt wat der allegeare te dwaan en te sjen is by har rêstpunt

Trefwurden: 
rêstpunt Terbant
(advertinsje)
(advertinsje)