Metallica spilet Hazes yn Amsterdamske Arena nei tip fan Friezen

12 jun 2019 - 14:15

Metallica hat tiisdei yn de Johan Cruijff Arena in oade brocht oan miskien wol ien fan de grutste folkssjongers ea yn ús lân: André Hazes. De Amerikaanske band hâlde in konsert yn de haadstêd en spile it wolbekende nûmer 'Bloed, zweet en tranen'. Twa Friezen ha der foar soarge dat Metallica dizze bysûndere útfiering die.

Foto: ANP

Hurdegarypster Shantia Fardin wie tiisdei by it konsert yn Amsterdam en fertelt hoe it sa fier kaam is. "Ik wie mei Sjoerd Plantinga, bassist fan Strawelte, te skaten yn Los Angeles, om't dêr in hiel grut skatepark is. De bassist fan Metallica, Robert Trujillo, wie der ek mei syn soan, dat wy tikken him op it skouder."

Shantia Fardin oer 'Bloed, zweet en tranen' troch Metallica

"Wy rekken oan de praat oer bygelyks harren konsert yn Nederlân. Hy hie in fersyk oan ús, mar it management hie al fêstlein dat it Hazes wurde soe. De alternativen wienen Herman Brood en Urban Dance Squad." Neffens Fardin wie it net dreech om it rûn te krijen. "Nei wat appkontakt wie it al gau regele. Sjoerd stie it nûmer te sjongen op de skatebaan en dêrtroch tinke wy dat dat meiholpen hat, mar oft dat sa is, witte wy net."

Foto: Strawelte facebook

"Sjoerd hat it echt foarsongen", seit Fardin. "Ik lies dat it in earbetoan wie oan Hazes, mar sy koenen him stik foar stik net. Dat wurdt har oplein. Sjoerd sette fuort syn strôt op en doe kaam it entûsjasme omheech." En oft Plantinga ticht by it orzjineel fan Hazes komme kin? "Dat hinget derfan ôf hoe let it op de jûn is. Ik jou him al in grutte foldwaande."

Doe't Metallica tiisdeitejûn it nûmer spile, wienen Sjoerd en Shantia beiden oanwêzich yn de Arena. "Sjoerd koe oan kaarten komme. Wy hienen der nea rekken mei hâlden dat sy it spylje soenen. It wie wol spannend. Se kundigen it oan en de hiele Arena blêre mei. Ik hie it net ferwachte."

(advertinsje)
(advertinsje)