Kielstra optein oer ferbreding slûs Koarnwertersân; ek fargeul wurdt oanpakt

Net allinnich de slûs by Koarnwertersân kin breder makke wurde, ek de fargeul wurdt oanpakt. Dat seit deputearre Klaas Kielstra, dy't him fjouwer jier lang ynset hat foar it ferbreedzjen fan de slûs.
© Camjo Media
De fargeul is no net djip genôch, mar dy wurdt ek ferbrede en ferdjippe, sadat grutte skippen der del kinne. Boppedat wurde de brêgen, dy't de lêste jierren foar in soad problemen soargen, fernijd. "Dat is foar it weiferkear ek prachtich."
Kielstra is optein dat it jild no lang om let binnen is foar de oanpak fan it knyppunt. "It is moai nijs foar Fryslân, it is moai nijs foar de ekonomy. It is prachtich dat dy slûs ferbrede wurdt." De slûs wurdt 11 meter breder makke, de totale breedte komt dêrmei op 25 meter.
Dat der gjin romte is foar flechtstreken by de brêgen, is neffens Kielstra net sa slim. "Dy binne der no ek net en it is no ek in 70-kilometersône. It is mar in lyts stikje. Ik fyn it folle belangriker dat dy brêgen it dogge."
It hiele projekt moat in ympuls jaan oan de noardlike ekonomy, ûnder oare trochdat der no gruttere skippen boud wurde kinne by de skipswerven oan de Iselmarkust. Benammen foar de bouwers fan grutte lúkse jachten, seit Kielstra. "Dit biedt gewoan geweldige kânsen."
Deputearre Klaas Kielstra