Skriuwer Nyk de Vries treedt op yn Litouwen

12 jun 2019 - 12:38

Skriuwer en dichter Nyk de Vries sil begjin oktober optrede op it poëzyfestival 'Druskininkai Poetic Fall' yn Litouwen. De yn Amsterdam wenjende Fries is dêr ûnderdiel fan Versopolis, in Europeesk projekt fan dichters dêr't in soad fan ferwachte wurdt.

Nyk de Vries - Foto: Omrop Fryslan

Oan it projekt dogge ek Maarten van der Graaff, Maria Barnas en Ilja Leonard Pfeijffer mei. Elke Versopolis-partner selektearret in tal dichters dy't keazen wurde kinne troch oare Europeeske literêre festivals.

Yn 1992 wie De Vries ek alris yn Litouwen, dat wie doe mei de band The Amp dêr't er sjonger fan wie.

Op freed 21 juny sil Nyk de Vries optrede op Boeksimmerboek yn Drachten.

Lêsten is bekend makke dat de roman 'Renger' fan Nyk de Vries nominearre is foar de Gysbert Japicxpriis. Mei him binne noch fjouwer oaren nominearre. De priis wurdt 16 novimber útrikt.

Trefwurden: 
Nyk de Vries dichter Litouwen
(advertinsje)
(advertinsje)