Buorkerij yn De Broek kin ôfboud wurde nei útspraak Raad van State

12 jun 2019 - 11:44

Bewenners fan de Plusterdyk yn De Broek kinne trochgean mei de bou fan harren buorkerij mei twa bygebouwen. Dit hat de Raad van State woansdei bepaald. Op de lokaasje stie earst in buorkerij mei in lisboksstâl. Dizze binne yntusken sloopt.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

Twa buertbewenners hiene de saak by de Raad van State brocht. Se fine dat ien fan de bygeboutsjes te fier fan de oare bebouwing komt te stean. En se binne benaud dat der letter noch in twadde wenning bykomt. De Raad van State is it net mei har iens, en seit dat dy twadde wenning net tastien is.

Gemeente De Fryske Marren krige wol in tik op de fingers oer it bekendmeitsjen fan it bestimmingsplan. Boppe de email dy't de gemeente rûnstjoerd hie, stie dat it gie om Woudfennen by De Jouwer, wylst it plan foar it hiele noardlike bûtengebiet fan Skarsterlân gie.

De omwenners fan de Plusterdyk hawwe dêrtroch te let op it bestimmingsplan reagearre. Dat se te let wiene, is lykwols te ferjaan, mar harren berop wie ûnbegrûne.

(advertinsje)
(advertinsje)