Weststellingwerf nimt stelling tsjin gaswinning

12 jun 2019 - 11:42

De gemeente Weststellingwerf wol tenei stelling nimme tsjin gaswinning yn de gemeente. Oant no ta wie de gemeente noch posityf oer gaswinning, mar dit stânpunt is no 180 graden draaid.

Foto: Ronnie Porte

De ried stipe tiisdeitejûn it ôfwizende advys fan it kolleezje oer de plande gaswinning by Aldlemmer. It ministearje hie de gemeente om advys frege. Dat moast al foar 4 juny ynstjoerd wurde, dus der wie gjin tiid foar ynspraak. It giet om in boarput dy't sûnt 2013 stilleit. Vermilion wol dizze put no opnij yn bedriuw nimme, oant uterlik 2040.

Op 4 maart hie de gemeenteried fan Weststellingwerf al in moasje oannaam tsjin nije boarringen nei ierdgas. Dy is tiisdeitejûn definityf ta belied makke.

(advertinsje)