Boubedriuw Friso kin yn ien dei in hûs delsette

Yn ien dei in nij hûs bouwe: it Fryske boubedriuw Friso, mei it haadkantoar yn Snits, die it. It binne tydlike wenningen dy't de namme 'Cubestee' krigen ha. Yn Eindhoven is de fraach nei hierwenningen grut. Op it plak dêr't de huzen boud binne, meie eins gjin wenningen stean, om't der net in wenbestimming op sit. Dêrom binne der no tydlike huzen delset.
in strjitte mei cubesteewenningen © Igor Vermeer
Yn ien dei in wenning bouwe liket ûnmooglik. Dochs is it slagge troch yn it fabryk houtskeletbou-eleminten te meitsjen, mei glêzen en kezinen der al yn. Doe binne liedingen, ynstallaasjes en badkeamers yn de eleminten oanbrocht. Dat is allegear op transport nei Eindhoven gien en dêr koe it yn in dei pleatst en montearre wurde.
De flekswenningen binne foar de starters op de wenningmerk en foar minsken mei in urginsjeferklearring. Se wurde woansdei feestlik oplevere.