Kollum: "Wetter"

"Wat wienen de boeren allegear bliid mei de wylde ûnwaarsbuien fan ferline wike. Net allinnich dat se no in moaie kâns hiene dat harren buorkerij yn de 'hens' fleane soe en de fersekering dan wer wat finansjele oarder regelje koe, en oan de oare kant foel der in bats wetter. En dat hie de greide nedich. Utsein de mûzegreiden, dy wiene oeral al splis set. Sa frieten de mûzebiters, reagers en roeken sourit de l'eau. Fersûpte mûskes.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
It is net elke boer jûn om samar syn lân ûnder wetter te setten tsjin de mûzen. It gers groeit dan justjes minder hurd en dan hat er in sneed te min. Dy moat er dan wer bykeapje. En dêr hat net elke boer jild foar.
Boeren ha nammentlik allegear in ferskillende situaasje. Je hearre faak de moaie ferhalen. Ja, ik bin bioboer wurden en ik kin goed rûnkomme. Wêrom stean se dan allegear op de stoepe fan de oerheid om subsydzje?
Guon boeren sizze grutsk dat se oan biodiversiteit dogge. Dat is it drege wurd foar dat se de grûn wat minder hurd útmelke. Mar stront bliuwt stront, it moat oprêden wurde. Ik seach dat in boer ferskate weinen mei moaie, skjinne bargejarre krige en oer syn lân út spuide, wylst in oar net iens de eigen kowejarre kwyt kin en him dea betellet oan alderhande fosfateregelingen.
De ien hat 70 kij en gjin inkelde muoite en by in oare boer mei ek 70 kij moat de frou byfertsjinje yn de soarch. Elke situaasje is oars, dus smyt dat no net op ien bulte.
Dêrom krige ik dan ek in bytsje in rare smaak yn de mûle, doe't ik ferline wike it ferhaal lies dat Urgenda op in Frysk boerehiem stie te preekjen dat it wetter omheech moat.
Urgenda. Earst tocht ik dat it in Afrikaansk lân wie, mar ik kin net fine wat it wurd betsjut. Dat komt, ik ha net studearre en de minsken dy't der ynsitte wol. Want it is in duorsumens- en ynnovaasje-organisaasje. De preken dogge se yn 'e mande mei sa'n 500 natuer- en maatskiplike organisaasjes.
Se wienen by boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken, in bioboer. Oft se, Urgenda-direkteur Marjan Minnesma wie der benammen. Tige werkenber: se hie in grouwélich kleurde jas oan, dy joech griene, giele, oranje en reade koades ôf. De wrâld wie foar har warskôge.
Se wienen by Sjoerd om't dy fan doel wie, en set it wetter op syn lân noch tsien sintimeter heger as dat it al stie. Hy wist net, sei er, wat dat foar syn produksje betsjut, mar dat seach er noch wol. Maklik praat, want yn hiel Fryslân stiet it wetter ûnder de grûn noch in heale meter te leech fanwege de drûchte.
Sjoerd sjocht it wol. Marjan kaam yn har koadejas lâns roppen dat it bêst kin. Se hie krekt as Gaston sa'n grut wapperboerd by har, mar hjir stie net op hoefolle jild oft Sjoerd wûn hie, of aanst tekoart ha soe, mar dat it o sa goed is dat it wetter wat heger komt. Se joech it boerd oan in amtner. Dy knikte. Hy koe it ferhaal al.
Miedema hat 260 kij. As dy allegear sykhelje, donderje wy al om fan de CO2. Mar hy fynt dat CO2 de feangrûn net mear útkomme mei. Want it giet om CO2. Urgenda hat de rjochtsaak tsjin it kabinet Rutte wûn. Dy hienen sein dat de CO2-útstjit yn 2020 25 persint leger wêze soe as yn 1990. As Nederlân neat feroaret, is dat mar 17 persint, sei de rjochter. De jas glittere oan alle kanten.
Ferrassend seit Minnesma no dat Urgenda gjin aksjegroep is. Logysk, se binne yntusken troch safolle groepearringen ta hillige foaroprinner makke, dat se har oanpasse moatte oan de mearderheid. Dus sille se Rutte helpe de goeie maatregels te nimmen. De wichtichste dêrfan is it wetter omheech.
Dus wie se o sa bliid mei de tsien sintimeter fan Miedema. Mar doe gie se de mist yn. Se sei dat Miedema sjen lit dat it ek ekonomysk helber is. Ik wol dy jas eins net op alle hiemen ha, want dat flokt, mar ik sil har oanriede alris by wat oare boeren yn de ponge te sjen."