Kallemooi-hoanne skarrelet alwer op it eilân

12 jun 2019 - 10:41

De hoanne dy't trije dagen lang oan in peal op 18 meter hichte yn in koer siet, is dêr tiisdeitejûn wer úthelle. It bist siet dêr fanwege it Kallemooifeest op Skiermûntseach.

Foto: Jeroen Berkenbosch, RTV Noord

Harkje nei in reportaazje oer de ôfsluting fan Kallemooi

It feest op Skiermûntseach draait foar de eilanners lang net allinnich om de hoanne. Op tiisdei steane op it feest nammentlik de bernespultsjes sintraal. Koekhappe, stoofjeprikke en mei hynder-en-wein troch it doarp ride. En dat alles bart om de peal mei de hoanne hinne.

Biste-organisaasjes fine de tradysje skealik foar de hoanne, en wolle dat it feest oanpast wurdt. Mar doe't de hoanne der op tiisdeitejûn úthelle waard, seagen de eilanners gjin problemen mei it bist. "Ik heb het gezien dat die haan eruit gehaald werd", fertelt in eilanner. "Hij werd teruggebracht naar de eigenaar, en hij greep meteen een kip."

Bûten it sicht

De hoanne wurdt yn syn tiid yn de koer yn de gaten hâlden troch in feedokter. Dochs woe de organisaasje it bist dit jier net fuort sjen litte oan it publyk. De hoanne waard nei it delheljen bûten it sicht fan publyk en media yn in oare koer dien.

Neffens RTV Noord woe de Kallemooikommisje foarkomme dat de media opnames meitsje soenen fan de hoanne.

Uteinlik is de hoanne yn optocht wer werom nei de eigener brocht, dêr't er wer tusken de hinnen delset is. Foar safier bekend wiene hjir gjin biste-aktivisten mear by.

(advertinsje)