Ljouwert op 'e fingers tikke troch provinsje oer opgravingen yn Wurdum

12 jun 2019 - 10:22

Provinsje Fryslân tikket de gemeente Ljouwert op de fingers oer archeologyske opgravingen yn Wurdum. Neffens de provinsje, dy't tafersjochhâlder is, hat de gemeente net soarchfâldich west by it ûndersyk.

Foto: Google Streetview

Op it terrein fan kearnfokbedriuw CRV oan de Brédyk waarden opgravingen dien nei in terp út de Izertiid. Dat is net op it hiele terrein bard, wêrtroch't net alle ynformaasje nei boppen kommen is. De provinsje hat dêroer in klacht krigen.

De terp hat nei alle gedachten grutter west as de ûndersochte bouput. De provinsje seit dat der net 'willens en wetens' in archeologysk fynstplak ferneatige is, mar advisearret de gemeente Ljouwert om yn de takomst mear tiid te nimmen foar in goed ûndersyk.

(advertinsje)