Militêr stelt akwariumplanten yn Ljouwert

12 jun 2019 - 09:27

In 30-jierrige frou út Ljouwert is woansdei betrape op it stellen fan biste-aksessoires. De stellerij wie yn in winkel oan de Tynjedyk.

Foto: ANP

De frou hie ûnder oare akwariumplanten en kattefretten meinaam sûnder te beteljen. It gie om in totaalbedrach fan krekt wat mear as 10 euro. By neier ûndersyk die bliken dat de frou militêr wie. Dêrom is de saak oerdroegen oan de maresjaussee.

(advertinsje)