LIVEBLOG: Saak-Van Seggeren foar de rjochter

12 jun 2019 - 17:30

De rjochtbank fan Ljouwert behannelet woansdei en tongersdei de saak Van Seggeren. De frou fan Van Seggeren wurdt fertocht fan de moard op har man yn july 2017. It lichem fan it 37-jierrige slachtoffer waard oantroffen yn in stik greide by De Westereen. It is noch hieltyd net dúdlik wat der krekt bard is. Der binne meardere senario's trochnaam en der binne meardere fertochten oanhâlden. Ferslachjouwer Remco de Vries docht yn dit liveblog ferslach fan de rjochtsaak.

17:20
Ein fan dit liveblog

De earste dei fan de rjochtsaak sit derop. Tongersdei en freed wurdt de saak fierder behannele.

Tank foar it folgjen!

16:48
Remco de Vries oer de earste dei
16:29
Remco de Vries oer de saak oant no ta

Ferslachjouwer Remco de Vries

15:56
Tsjûge

In tsjûge hat om 00.30 oere by de pleats delikt in man en frou sjoen mei swarte hoodies. Dy kamen út in auto dy't op it plak stie dêr't de fertochte mei de auto stie. De frou soe in koefoet yn de hannen hân ha. De fertochte seit fan neat te witten.

15:24
De kaart komt derby

Op grutte skermen wurdt de pleats delikt toand op Google maps. De foarsitter sketst de situaasje en ferwiist ek nei de skou dy't der west hast. De looprûte fan Tjeerd wurdt toand oan de hân fan dy kaart, ferklearringen fan tsjûgen en de telefoans. De telefoans fan slachtoffer en fertochte hawwe dy nacht op maksimaal 22 meter ôfstân fan elkoar west seit de plysje, mar der sit wol ien minút en in sekonde tusken de mjittingen fan beide telefoans. Sy hat Tjeerd net sjoen, seit sy en har telefoan lei yn de auto.

15:23
Ophelje mislearret

Sy sil de nachts Tjeerd ophelje, mar treft him net oan. Sy bliuwt sa'n 14 minuten bûten de auto sûnder him te beljen en seit dat sy yn panyk of lulk wie. Dy telefoan dy't yn de auto leit, is ek útgong, mar hoe't dat koe bliuwt ûndúdlik. Neffens har omdat de akku leech is. In krúsjaal momint.

15:18
Tekening fan de fertochte
Foto: Annet Zuurveen
15:00
"Het was een oorlogsgebied"

It falt ien fan de rjochters op dat geandewei de ferhearen de fertochte har hieltyd negativer útlit oer it slachtoffer. "Het was een oorlogsgebied" seit sy noch oer it houlik. Mar der is grif ek in oare kant fan dat ferhaal.

14:26
Ritsje

It giet der no om oft de fertochte de jûns om 22.00 oere hinne op de dei fan it feest sels ek noch fuort west hat. Sy sels seit fan net, mar der is digitaal bewiis dat dat net klopt. Ek in tsjûge hat har sjoen. Neffens har kin it allinnich in ritsje nei de glêsbak west ha, mar neffens digitale gegevens hat sy folle fierder fuort west; 2,5 kilometer ynstee fan 800 meter. Sy kin har dêr eins neat fan heuge. Dêrnei folgje in soad pogingen om yn kontakt te kommen mei Tjeerd van Seggeren, ynklusyf it sms'ke mei oanwizingen dêr't hy hinne moast. Wêrom't dat wie, wylst hy de lokaasje sels útkeazen hawwe soe, bliuwt wat hingjen.

14:09
Ule mei in 'deegroller'

Der is in sms'ke fûn op de telefoan fan it slachtoffer fan de fertochte. Dat liket der op te wizen dat de ophellokaasje troch de fertochte útsocht is en net Tjeerd van Seggeren; it slachtoffer. Dat is fan belang om't dêr it slachtoffer dea fûn is. Wat ek opfallend is, is dat de fertochte in plaatsje, fan nei alle gedachten de Dútske famylje, ûntfongen hat op de mobyl fan in ûle mei in 'deegroller'.

"Dit is een deegroller. Pak hem en sla hem op de kop van de 'gekke persoon'. Dat geeft je een beter gevoel." In soarte fan digitale sticker, mar wa't him stjoerd hat, is net alhiel dúdlik. Sy krijt dêr in soad fragen oer. Om 4.45 oere de oare moarns is sy trouwens begûn om har telefoan skjin te meitjsen en saken te wissen. Dat hie neffens har mei it húslik geweld dat sy ûndergong te krijen.

13:53
Rekonstruksje

Mei de fertochte wurdt safolle mooglik besocht in rekonstruksje te meitsjen fan wat dy dei krekt bard is. Sy bringt har man fuort en sjocht letter op de lokaasje dêr't sy it slachtoffer ophelje moat. Want, "ik ben daar helemaal niet bekend." Letter hat sy ek noch op Google maps sjoen hoe't dy lokaasje der krekt útsjocht. Underwylst liket der wat yn beweging te kommen yn Dútslân. De telefoan fan har Dútske omke giet de middeis út en wurdt pas de folgjende dei wer oanset.

Op de telefoan fan har mem is te sjen dat dy telefoan dy dei ûnderweis is nei Nederlân. Sy ûntkent dat sy yn Nederlân west hat en seit net te witten hoe't dat kin. Ek dy telefoan wurdt útset en wurdt pas de folgjende dei om in oere as 10 wer oanset. It liket der dus op dat der famylje út Dútslân wei ûnderweis is. Har mem is mei in aliby kaam, mar de persoan dêr't sy by wêze soe, ûntkent dat.

13:39
Feest

Op 8 july soe Tjeerd van Seggeren nei in feest ta op de Westereen. De relaasje knapte suver wat op en se hiene it gesellich yn bêd. Dat lêste komt noch wiidweidich foarby om't der in relaasje is mei de DNA-spoaren dy't by it slachtoffer oantroffen binne.

Der is in ôfspraak makke dat sy him letter ophelje sil by de Bûterwei, wat sy in frjemde lokaasje fynt omdat it nochal fier is fan de feestlokaasje.

13:29
Plastyske sjirurgy

Krekt foar de skorsing om 12.30 oere waard praat oer de ôfspraak dy't de fertochte makke hie om foar mear as 8.000 euro oan plastyske sjirurgy útfiere te litten. Har man woe der dan wer wol en dan wer net foar betelje. Uteinlik is dy ôfspraak ôfsein. Fierder is der ek wer sjoen nei de kontakten mei de famylje yn Dútslân.

It liket derop dat har omke ûnder in skûlnamme yn har telefoan stie. Neffens har omdat har man har kontrolearje woe. Mei dêrom soarge sy derfoar dat sosjale media-apps fan har telefoan nei gebrûk derôfhelle waarden. Neffens de fertochte mocht sy dy net brûke. "Anders kreeg ik klappen."

De behanneling giet no fierder. Der wurdt praat oer de dei foardat Tjeerd van Seggeren om it libben kaam.

12:13
Ferslachjouwer Remco de Vries oer de saak

Rjochtsaak Van Seggeren

11:59
Fergiftiging

Trije tsjûgen sizze dat Tjeerd van Seggeren tsjinoer harren ferklearre hat dat hy tocht fergiftige te wêzen troch de fertochte op 1 july. Hy krige in drankje fan har en hat mar de helte opdronken omdat it in frjemde smaak hie. Hy krige hiele sterke krampen en waard siik. Dêrfoar hat sy op ynternet ûnder oare socht nei giftige planten. Fan ien plant wist sy dat dy yn de omjouwing groeide en sy wie benaud foar de gefolgen foar har bern, sa ferklearret sy. Sy wit net wêrom't sy bygelyks ek nei reade papaver socht hat. De tsjûgen binne de heit en mem fan it slachtoffer. De oare moarns yn tsjerke wie hy ek net goed, seit de dûmny. De fertochte seit dat sy mei de Dokterswacht belle hat, mar wêrom net earder freget de rjochtbank? Dat woe it slachtoffer net, seit de fertochte.

11:25
Advokaat reagearret

Advokaat Brian de Pree warskôget de rjochtbank. De fertochte seit wolris wat dat net hielendal oerienkomt mei wat yn it dossier stiet. As dêr te fûl op reagearre wurdt, advisearret De Pree syn kliïnt om har mûle te hâlden. Want sjoen de omfang fan it dossier en de tiid dy't sy al yn de finzenis sitten hat, kinne je net ferwachtsje dat sy alles krekt noch sa fertelt as eartiids. Sy hat oant no ta mei alles meiwurke. De rjochtbankpresidint leit út dat der ek 'hoor en wederhoor' wêze moat.

10:53
It begjin fan de saak-Van Seggeren
10:48
Frjemde besite

It giet bêst lang oer in besite fan de fertochte har mem en omke op 24 juny 2017; frou Van Seggeren har jierdei. Dy besite wie in dei earder as ferwachte en folslein ûnferwacht. Tjeerd van Seggeren hie tsjin syn heit sein dat it hiel frjemd gong. Hy seach hoe't syn frou de moarns betiid oant twa kear ta nei ûnderen gong en mei immen telefoanysk kontakt hie, mar de fertochte seit dat dat net sa is. De doar is fierder oant twa kear fan in slot ôfhelle en Van Seggeren hat dy wer ticht dien. Moarns om 6.30 oere waard foarsichtich op it rút tike en wiene de mem en de omke der ynienen. En dat wylst sy hielendal út Dútslân komme moasten. Dy besite hat ek mar hiel koart duorre en harren auto stie in ein fierderop parkearre wylst de mem problemen hie mei it rinnen.

Om 9.30 oere binne sy wer fuortgong. Dêrnei hawwe sy in slach troch de omjouwing riden wêrby't sy ek hiel ticht by it plak kamen dêr't Tjeerd van Seggeren letter dea fûn waard. Der hat dy dei ek in soad kontakt west tusken de mem en de fertochte. It wurdt net sein, mar it liket der op dat dit net in normale jierdei wie, mar hoe't it wol krekt sit, komt net echt boppe driuwen. De omke wurdt omskreaun as in 'Hells Angel'-achtich type en dat fynt de fertochte net aardich. De fertochte bliuwt sizzen dat sy fan neat wist, mar wurdt dermei konfrontearre dat sy de rûte nei Wilhelmshaven neisocht hat dêr't de besite wei komme moat. Neffens har wie dat omdat sy op besite woe by in famyljelid dêr.

10:34
Foto: Omrop Fryslân
10:21
Libbensfersekering

Der wurdt yngreven praat oer de libbensfersekering fan 600.000 euro dy't ôfsletten is. De fertochte wie net belutsen by de tariedingen dêr op en seit dat sy gjin idee hie fan de hichte fan dy fersekering. In freondinne fan har hat lykwols ferklearre dat sy it wol wist en ek in bedrach neamd hat. Ek de finansjele gefolgen fan in skieding komme foarby. Dat hat alles te krijen mei it mooglike motyf om Tjeerd van Seggeren wat oan te dwaan.

10:09
Emosjoneel

De fertochte is emosjoneel as sy fertelt oer it húslik geweld. Seit dat sy yn 2016 in kursus oer húslik geweld krige op har wurk yn de soarch en tocht: "Dat is mijn leven." Sy gûlt.

Oan de oare kant hat Van Seggeren opnames fan rûzjes trochstjoerd nei in freon en dat gong der spaansk oan ta. De fertochte hat ek út hûs pleatst west. Der komt ek foarby dat sy yn Dútslân frjemdgien wêze soe Op it lêst die Tjeerd van Seggeren noch in poging om it houlik te rêden. Sy wist net goed wat sy dêr mei oan moast, mar woe wol dat alles wer by it âlde wurde soe.

10:03
Min houlik; soad rûzje

De foarsitter fan de rjochtbank giet yn it petear mei de fertochte yn op it minne houlik. Beiden wiene dwaande mei de earste tariedingen fan in skieding. Sy hiene in soad rûzje en de fertochte seit dat sy dêr by mishannele is. Der is ek oanjefte dien fan húslik geweld. Oan de oare kant wurdt de fertochte derfan beskuldige dat sy him mei de dea bedrige hat. De rûzjes gienen benammen oer jild. Sy fûn dat sy te min krige om de húshâlding te ûnderhâlden. Hy fûn har 'verkwistend'.

9:17
Behanneling is begûn

De behanneling is úteinset. Offisier fan Justysje Henk Mous lêst foar wêr't de fertochte fan beskuldige wurdt. Ek makket hy dúdlik dat de famylje foarderingen hat op de fertochte. De heit en mem wolle elts 40.000 euro, beide susters 60.000 euro elts en foar de trije bern wurdt elts 300.000 euro frege. De seal sit fol en dat jildt ek foar de twadde seal mei fideoferbining.

9:00
De saak oant no ta

Tjeerd van Seggeren waard op 9 july 2017 dea fûn yn in stik greide by De Westereen. Dat de saak no pas foar de rjochter ferskynt hat te krijen mei ferskate ûntwikkelingen dy't der yn de tuskentiid plakfûn hawwe. In oersjoch fan wat der allegearre bard is yn de saak, is hjir te finen.

8:45
Oersjoch fan de ôfrûne twa jier yn fideo
(advertinsje)
(advertinsje)