Plaatsjes fan keatstoppers sparje? It kin by trije Fryske supermerken

12 jun 2019 - 08:07

De keningen fan de PC, de winners fan de Freule of de winners fan de NK's fan 2018, je kinne se mei yngong fan tongersdei allegearre yn hûs helje. Net de manlju en froulju sels fansels, mar plaatsjes fan dizze keatshelden. De KNKB hat in oerienkomst sluten mei trije supermerken yn Fryslân, dy't de plaatsjes by de boadskippen fuortjouwe.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It is net foar it earst dat der sa'n sammelaksje mei keatsplaatsjes is. Yn 2009 hie de KNKB al in oerienkomst mei de C1000 yn Frjentsjer en dy aksje wie in grut sukses, seit Mirjam Kuipers fan de supermerk dy't no in Albert Heijn is. De hjoeddeistige aksje wurdt breder opset. Sa kinne de plaatsjes sparre wurde by de Albert Heijn-winkels yn Frjentsjer, Stiens en Sint-Anne.

By elke tsien euro oan boadskippen krije de klanten trije keatsplaatsjes. It giet om de plaatsjes yn de folgjende kategoryen: NK 2018 alle jeugdkategoryen, froulju 1e klasse, froulju haadklasse, hearen 1e klasse, hearen haadklasse, winners Freule 2018 en Ald-Meiers partij 2018, en alle PC-keningen fan 2009 oant en mei 2018. Tusken alle plaatsjes is der ek ien gouden plaatsje. De lokkige finer kin dan mei de hiele húshâlding op fakânsje.

Mirjam Kuipers fan de Albert Heijn yn Frjentsjer

(advertinsje)