Yn hokker gemeente wenje de measte 100-plussers? It CBS hat de sifers

12 jun 2019 - 00:01

It Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) hat útsocht hoefolle 100-plussers oft der yn Nederlân wenje. Fan alle gemeenten is besjoen hoefolle 80-plussers oft dêr wenje en hoefolle fan harren oft âlder binne as 100 jier. Skiermûntseach hat fan alle Nederlânske gemeenten navenant de measte ynwenners dy't âlder binne as 100.

Foto: ANP

Yn hiel Nederlân libje sawat 2200 minsken dy't âlder binne as 100 jier. Benammen froulju wurde hiel âld. Fan alle Nederlânske 100-jierrigen yn Nederlân is 85 prosint frou.

De provinsje mei de measte senioaren dy't mear as in iuw âld binne, is Seelân, yn Noard-Brabân wenje de minste. It CBS hat ek ûndersocht hoe't it foar de gemeenten apart is. Yn dy list komt Skiermûntseach as absolute winner út de bus. Op de oare Fryske Waadeilannen wennet dan wer gjinien 100-plusser.

Op Skiermûntseach wenje 67 minsken fan 80 jier en âlder. Twa fan harren binne sels oer de 100 jier. Tegearre sette dy twa it eilân op grutte ôfstân fan de rest fan de Nederlânske gemeenten. It CBS berekennet nammmentlik foar alle gemeenten apart hoefolle fan de tûzen 80-plussers oft âlder binne as in iuw. De top-10 fan gemeenten sjocht der dan sa út:

Gemeenten mei measte 100-plussers

Gemeente Provinsje Tal 100-plus fan 80-plus
Skiermûntseach Fryslân 29,9
Noord-Beveland Zeeland 8,6
De Wolden Drenthe 8,1
Borsele Zeeland 8,0
Goes Zeeland 6,9
Elburg Gelderland 6,8
Tholen Zeeland 6,8
Sluis Zeleand 6,4
Zwartewaterland Overijssel 6,2
Albrandswaard Zuid-Holland 6,1

Nei alle gedachten sil it tal ynwenners fan 100 jier en âlder de kommende jierren noch wer wat mear omheechgean. Nei de Earste Wrâldoarloch hie Nederlân nammentlik ek in lytse babyboom.

(advertinsje)
(advertinsje)