Mieningen FNV-leden ferdield oer pensjoenakkoart

Leden fan de fakbûnen binne slim ferdield oer it nije pensjoenakkoart, sa docht bliken út sifers fan EenVandaag. Dêrom hâldt de FNV sa'n 21 gearkomsten foar leden om it plan út te lizzen en om dêroer te diskusjearjen. Ek yn Ljouwert wie sa'n gearkomste.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Ut de sifers docht bliken dat sawat 44% fan de FNV-leden foar is, wylst 40% tsjin stimme sil. De 16% dy't oerbliuwt twivelet bot, mar kin dus wolris beskiedend wêze foar it trochgean fan it pensjoenakkoart.
Op de jûn sels die ek bliken dat de mieningen oer it akkoart ferdield binne.
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de FNV-jûn