Frysk iepenbier ferfier kriget oer 2018 in heger sifer as lanlik sifer

11 jun 2019 - 22:47

Reizgers joegen it Fryske iepenbier ferfier ferline jier in 7.8. Dat meldt de provinsje. It Fryske sifer leit krekt wat heger as it lanlik trochsneedsifer fan in 7.7.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der reizgen ferline jier in lytse 16 miljoen minsken mei de bus en trein yn Fryslân. Dat wiene krekt wat minder as it jier dêrfoar. Ek waarden der wat minder kilometers makke, nei alle gedachten omdat der begjin ferline jier staakt waard yn it iepenbier ferfier.

Deputearre Sietske Poepjes oer it Fyske sifer

Ut de ynformaasje fan de provinsje docht ek bliken dat der ferline jier minder ynsidinten yn it Fryske iepenbier ferfier wiene.

Trefwurden: 
iepenbier ferfier
(Advertinsje)
(Advertinsje)