WMO yn Ljouwert op de kop, gemeente wol frijwilligers ynsette

11 jun 2019 - 21:54

De gemeente Ljouwert wol de soarch goedkeaper regelje en dêrby frijwilligers ynsette. Der moatte wyk- en doarpskeamers komme dêr't minsken ynrinne kinne as sy help of soarch nedich binne. Dy help bart dan mei de ynset fan frijwilligers. Dat is de kearn fan de nije WMO-plannen fan de gemeente Ljouwert, yn in foarstel dêr't de ried noch oer beslute moat.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Dieuwke Kroese is by de presintaasje fan de WMO-plannen

De gemeente wrakselet al mear as in jier mei it 'dossier soarch'. Fanwege grutte tekoarten moat der de kommende jierren 3,6 miljoen euro besunige wurde yn Ljouwert. Sa't no regele is, kin it net mear, want de kosten rinne alle jierren fierder op.

"Mear tiid net nedich"

Wethâlder Herwil van Gelder fan Ljouwert presintearre tiisdei de plannen foar de nije wize fan WMO-soarch. Grutte soarchoanbieders, werûnder de Kwadrantgroep en Alliade, hiene de gemeente yn in brief frege om mear tiid foar de fernijing fan de soarch. Mar dêr is it kolleezje net op yngien.

Neist dy grutte oanbieders binne der ek in tal lytsere soarchbedriuwen dy't graach mear tiid hân hawwe wollen. Want it betsjut foar de bedriuwen en foar de kliïnten in soad dat it stelsel oer de kop giet. Sa hat MindUp foar GGZ-kliïnten hieltyd oanjûn dat sy fine dat foar harren kliïnten de feroaringen net te grut wêze moatte. Mar wethâlder Van Gelder fynt dat yn dizze plannen genôch rekken hâlden wurdt mei dy soargen.

"Frijwilligers dogge gjin wurk profesjonals"

De gemeente seit mei klam dat it net de bedoeling is dat frijwilligers it wurk fan profesjonals oernimme. Mar feit is wol dat de frijwilligersorganisaasjes fol yn byld binne no't praat wurdt oer besunigingen. De frijwilligers hawwe harren oansluten by de Vrijwilligers Organisatie Leeuwarden (VOL). Mei sechstich oansletten organisaasjes is de VOL in serieuze partner foar de gemeente.

Seistûzen kliïnten

Mei-inoar seistûzen minsken yn de gemeente Ljouwert krije op ien of oare wize soarch út de Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO). De kommende tiid moatte der ôfspraken makke wurde, benammen foar minsken dy't mear spesjalistyske soarch krije. Dan giet it om bygelyks deibesteging, ien fan de djoerste foarmen fan soarch. Der wurdt opnij besjoen wa't hokker soarch kriget en dy nije hifking wurdt dien troch de ynstellingen dy't no ek de soarch jouwe.

Yn july foar de ried

De plannen fan wethâlder Van Gelder binne in foarstel oan de gemeenteried. Yn july sil de ried der in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
gemeente Ljouwert Wmo
(Advertinsje)
(Advertinsje)