Nederlânske follybalsters jouwe foarsprong fuort en ferlieze

11 jun 2019 - 20:24

De Nederlânske follybalfroulju hawwe tiisdeitejûn met 2-3 ferlern fan België. Se wûnen de earste twa sets, mar de lêste trije wiene foar de Belgen. Marrit Jasper fan Snits foel yn de tredde set yn.

Foto: Omrop Fryslân

Sûnder Hester Jasper, dy't net by de seleksje siet, en Marrit Jasper, sy foel yn de tredde set yn, begûnen de Nederlanners oan it duel. De earste set wie spannend. De Nederlanners wûnen mei 22-25. Ek de twadde set einige goed, mei 23-25 winst.

Dêrnei kamen de Belgen yn twa sterke sets werom. Mei 25-17 en 25-19 wie it samar wer lyk: 2-2. Ek de fiifde en lêste set wie foar de Belgen, mei 15-10.

Nations League

Nederlân bliuwt trettjinde op de ranglist fan de Nations League. Allinnich de earste seis kwalifisearje harren foar de einrûne.

De Nederlânske follybalfroulju komme woansdei en tongersdei opnij yn aksje. Dan moatte sy tsjin de Dominikaanske Republyk en Dútslân.

(advertinsje)
(advertinsje)