Skûtsjes Earnewâld en Langwar as earste offisjeel metten mei nije metoade

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) is tiisdei yn Drylts úteinset mei it digitaal mjitten, wegen en ynscannen fan de skûtsjefloat. As earste skippen wienen Earnewâld en Langwar oan bar. De kommende wiken folgje de oaren. De bedoeling fan de nije mjitting is om de kritearia foar de grutte fan it túch dat in skip fiere mei, te perfeksjonearjen.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Yn 2016 fierde de SKS in nije formule yn basearre op bridte, lingte en djipgong fan in skûtsje. Mar dêr kaam nochal wat strideraasje achterwei. De mjitting soe net yn alle gefallen earlik wêze foar alle skippen. Foaral Langwar en De Jouwer wienen der net bliid mei. Skipper Jaap Zwaga luts him om dy reden yn 2017 sels werom út de kompetysje.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Skippers Gerhard Pietersma en Jaap Zwaga oer de nije mjittingen
Jeroen Veenema, bestjoerslid technyske saken fan de SKS, jout ta dat de âlde mjittingen ferskillend útpakke koene. Dêr moat de nije metoade feroaring yn bringe. Neffens Veenema bestiet by de âlde mjitting de kâns dat de breedte en lingte fan twa skippen gelyk binne, mar dat der dochs ferskil is, omdat it iene skip rûner is as it oare en dêrtroch makliker fart. Ek it gewicht wurdt by de mjitting de kommende wiken foar alle skippen op deselde wize fêststeld.
De resulaten wurde nei it kommende skûtsjeseizoen yn kaart brocht en hifke. Dêrnei wurdt besjoen hokker gefolgen oft it hat foar it syloerflak fan guon skippen. It kin wêze dat dat in pear meter skeelt, seit Veenema.
Jeroen Veenema. SKS-bestjoerslid technyske saken oer de skûtsjemitting