IIsfabryk Sint-Nyk wurdt kontinubedriuw en nimt 40 minsken yn fêste tsjinst

IIsfabryk Holiday Ice yn Sint-Nyk siket tsientallen nije minsken, omdat it bedriuw dei en nacht trochprodusearje sil. It tal fêste wurkplakken giet omheech fan tachtich fan no nei 120 ein dit jier.
IIsfabryk Sint-Nyk wurdt kontinubedriuw en nimt 40 minsken yn fêste tsjinst
De meiwurkers komme te wurkjen yn in fiifploegetsjinst, wêrby't it fabryk sân dagen yn de wike 24 oeren deis iis makket. It bedriuw sil ynearsten minsken dy't no noch troch tuskenkomst fan in útstjoerbedriuw by it iisfabryk wurkje, in fêst kontrakt oanbiede.
Neffens direkteur operasjonele saken, Bart Hakbijl, is it fabryk goed dwaande om de produkten yn de merk te setten. De groei is dêr foaral oan te tankjen. Dat it de lêste jierren waarme simmers wiene, spilet ek mei, mar is neffens Hakbijl net bepalend.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer is yn it iisfabryk yn Sint-Nyk
Direkteur operasjonele saken fan Holiday Ice, Bart Hakbijl (l) en direkteur technyske saken Roelof Knijn © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer