Eaststellingwerf wol motorcross tastean op Prikkedaam

Eaststellingwerf wol motorcross tastean op it terrein Prikkedaam by Makkingea. Mar wol beheind en mei strange lûdsnoarmen. Ek stille fjildsporten wurde mooglik. Sa stiet yn it nije ûntwerpbestimmingsplan.
Kompetysje DMX-Noord 8 o/m 12 jier © Ronnie Porte
Motorcrossferiening Prikkedaam is bliid mei dit plan. It jout mooglikheden om it terrein yn de takomst iepen te hâlden. Mar it smyt ek in pear útdagingen op, fynt foarsitter Wout van der Molen. It heljen fan de lûdsnoarmen is wol krap, sa mient hy. "Maar met het verhogen van enkele geluidswallen moet het mogelijk zijn."
It leafst hiene se mear motorcrosswedstriden hâlden, mar it organisearjen fan oare en stillere fjildsporten is in goed alternatyf, fynt Van der Molen. "Ik zie het wel zitten om een Prikkedam-Mudrun te houden, zoals we al eerder een keer hebben gedaan." Dêrby drave de dielnimmers op en by it sirkwy troch modder en oare obstakels.
It gemeentebestjoer hat it ûntwerpbestimmingsplan oan de gemeenteried foarlein. It kin seis wiken lang ynsjoen wurde. Yn oktober moat der in definityf beslút falle.