Jild foar bredere slûs by Koarnwertersân is binnen, wurk kin begjinne

11 jun 2019 - 18:47

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat stelt 15 miljoen euro beskikber foar it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân. Dat skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer. Omdat de regio ek 15 miljoen ekstra yn de bredere slûzen stekke wol, is der no genôch jild foar it wurk.

Foto: Camjo Media

Der wurdt al langer praat oer de ferbreding fan de slûs en de finansiering dêrfan. Earder dit jier reservearre it kabinet al 40 miljoen ekstra foar it projekt, mar der bleau in tekoart fan 45 miljoen. Troch de ekstra bydragen fan de minister en fan de regio en troch it soberder útfieren fan de plannen kin it wurk no dochs útfierd wurde.

Minister Cora van Nieuwenhuizen oer wêrom it sa lang duorre hat

Flechtstripen ferfalle

Der wurdt ûnder oare besparre troch de brêgen krekt as no gjin flechtstripen te jaan. Dat besparret sân miljoen. Troch it wurk troch de regio útfiere te litten wurdt nochris njoggen miljoen oan btw besparre.

Minister Van Nieuwenhuizen: "Ik ben blij dat na jarenlang overleg dit voor Noord-Nederland zo belangrijke project met vereende krachten mogelijk wordt gemaakt: de sluis en de bruggen kunnen eindelijk worden verbreed. Ik kijk ernaar uit zo snel mogelijk met de regionale partners het startschot te geven."

Skipswerf Makkum kin groeie

Troch de bredere slûs kinne gruttere skippen fan de Iselmar nei iepen see farre. Skipswerven yn ûnder oare Makkum kinne dêrtroch fierder groeie.

Wannear't it wurk útfierd wurdt, is noch net dúdlik. De regio wurdt neffens de ôfspraken ferantwurdlik foar de oanbesteging en útfiering fan it projekt. De risiko's dêrfan komme ek by de regio te lizzen.

Trefwurden: 
slûs Koarnwertersân
(Advertinsje)
(Advertinsje)