Mishanneling mei keukenark: fiif moanne sel

11 jun 2019 - 17:41

In frou fan 33 jier út Drachten moat fiif moannen de sel yn, omdat sy kunde oanfallen hie mei in pankoekspanne en in slachtersmes.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De frou wie swier ûnder ynfloed fan drank, doe't sy de man oanfoel. De man besocht út te naaien, mar rûn in pear djippe snijwûnen op yn de hân en de pols.

De frou krijt net allinnich in selstraf. Se mei fan de rjochter de kommende trije jier ek gjin drugs en alkohol mear brûke. Se moat har ferplicht behannelje litte foar har ferslavingsproblemen. Ek mei sy ek gjin kontakt mear sykje mei it slachtoffer.

De man hat in skeafergoeding tawiisd krigen fan 1500 euro.

Trefwurden: 
rjochtsaak justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)