Oranjefroulju winne yn blessueretiid

De Nederlânske fuotbalsters, mei yn it team Sherida Spitse en Loes Geurts, hawwe de earste wedstriid yn de groepsfaze fan it WK yn Frankryk wûn. Ynfalster Jill Roord koe yn de blessueretiid, de bal mei har holle yn it doel wurkje.
© orangepictures.nl
De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman spile net in oertsjûgjende wedstriid yn it Stade Océane fan Le Havre, en ûntsnapte betiid yn de wedstriid oan in efterstân. Olivia Chance krige in grutte kâns, mar skeat de bal op de latte. Sels wist de kampioen fan Europa amper goeie kânsen te meitsjen. Oranje like lang op wei nei in lykspul, oant Roord yn de ekstra tiid noch tasloech.
De Leeuwinnen spylje sneon har twadde wedstriid, tsjin Kamerûn. Fiif dagen letter is Kanada de tsjinstanner. Nederlân en Kanada gean op dit stuit lykop yn de groep.