UNIS Flyers oanfaller Nijland bliuwt langer

Oanfaller Marc Nijland hat syn kontrakt by de iishockeyers fan UNIS Flyers ferlinge. De rappe spiler begjint takom jier alwer oan syn fiifde seizoen by de Feansters.
© Orangepictures.nl
Yn de 22 wedstriden yn de BeNe-League skoarde Nijland fiif kear, en koe der njoggen kear in assist achter syn namme skriuwe. De oanfaller is wiis mei syn ferlinging. "Heerenveen is de plek waar ik mijn hele jeugd in opleiding ben geweest. De fans in Heerenveen zijn altijd fijn en steeds luidruchtiger waardoor ik als speler beter ga presteren."
It kontrakt fan Nijland is mei ien seizoen ferlinge.