Hieltyd mear âlderen komme om yn it Fryske ferkear

11 jun 2019 - 16:54

De doelstelling fan de provinsje om it tal ferkearsdeaden op de Fryske wegen te ferleegjen is oant no ta net helle. Yn 2018 kamen 27 minsken om yn it Fryske ferkear. Yn 2017 wiene dat 26 en yn 2016 wiene it 33. It falt op dat foaral âlderen slachtoffer binne fan deadlike ferkearsûngelokken. De provinsje hat dêr grutte soargen oer.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In oarsaak soe de e-bike wêze kinne. "Mar dat is in ferûnderstelling. Wy kinne dat net ûnderbouwe mei wittenskiplik ûndersyk", seit deputearre Sietske Poepjes. Op de provinsjale wegen is it folle drokker wurden. Op de nije wegen - de Sintrale As en de N381 tusken Drachten en Emmen - is folle mear ferkear kommen as foar't de wegen fjouwerbaans wiene. "Mar dat wie ek de bedoeling. Mei dat it drokker wurdt op dizze wegen, is der minder ferkear yn de doarpen kommen en dat is goed", neffens Sietske Poepjes.

Fytsen

Opfallend is fierders dat minder minsken de fyts brûke foar it wenwurkferkear. Neffens de deputearre sil de provinsje dêrom noch mear ynsette moatte op in goed fytspadenetwurk. Boppedat moat de kwaliteit fan de paden omheech.

Iepenbier ferfier

Der wiene ek minder minsken dy't gebrûk makken fan it iepenbier ferfier: 15, 6 miljoen minsken stapten yn mei in OV-chipkaart. Dat is 1,3% minder as yn 2017.

Trefwurden: 
ûngelok ferkear deaden e-bike
(Advertinsje)
(Advertinsje)