Frachtauto botst op âlde klapbrêge yn Aldtsjerk

11 jun 2019 - 16:36

De âlde klapbrêge yn de Van Sminiawei yn Aldtsjerk hat tiisdei in skoft ôfsluten west nei't dêr dy moarn in frachtauto tsjinoan riden wie. Sûnt dy tiid koe sawol it ferkear oer de dyk as oer it wetter der net mear del.

De boppebou fan de brêge hie safolle skea dat er fuorthelle is - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Troch de oanriding hie de boppebou fan de brêge safolle skea dat der gefaar wie foar ynstoarting. De folsleine boppebou fan de brêge waard dêrom dyselde dei noch fuorthelle, om reparearre te wurden. Wylst de boppebou fuorthelle waard, wie de brêge net iepen foar autoferkear.

Hoelang't it duorret foar't de boppebou wer makke is, is neffens de gemeente net te sizzen. It skipfeartferkear kin salang de brêge net brûke.

De brêge foar it ûngelok - Foto: Omrop Fryslân

Net foar it earst

It is net foar it earst dat der problemen binne mei de brêge yn Aldtsjerk. Ein maaie kaam in auto tusken de brêge en de slachbomen telâne, wêrnei't it kontragewicht skea oan de auto feroarsake.

Yn 2017 wie der ek opskuor oer de brêge. Bussjauffeurs fan Arriva joegen doe oan dat de brêge eins te smel wie foar harren grutte bussen. Guon sjauffeurs hiene grutte muoite mei de draai dy't makke wurde moast, mei in soad skea ta gefolch. Al ferskate kearen sneuvelen ruten fan bussen of siet in bus mei de foarkant tsjin de reling oan.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
brêge Aldtsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)