Húsdokter Jan Waling Huisman swimt 22 kilometer mei Maarten van der Weijden

11 jun 2019 - 16:17

Fjouwer dagen yn 'e wike leit Jan Waling Huisman fan Arum yn it wetter om te trainen. De húsdokter is ien fan de hûnderten swimmers dy't mei Maarten van der Weijden meiswimme sil op de Swimalvestêdetocht.

Jan Waling Huisman is húsdokter yn Harns en sil mei de Alvestêdetocht yn alle stêden 2 kilometer mei Maarten van der Weijden meiswimme. "Ik begeleid mensen met kanker, vooral met het laatste stuk", fertelt er. Hy is dêrom ekstra motivearre om mei te swimmen. Dêrneist hat er ek in soad kankergefallen meimakke yn syn priveelibben. "Mijn ouders, zus en drie goede vrienden heb ik verloren aan kanker."

Gewoanwei hat er net sa folle mei grutte aksjes om jild yn te sammeljen foar de sykte, mar dizze tocht is oars. Hy hat in soad respekt foar Maarten en syn prestaasje. "Vorig jaar hebben we Maarten gezien bij Stavoren. Hij kwam daar aan in het donker. Lange slagen, lange klappen. Dat maakte zoveel indruk. We hebben hem drie dagen gevolgd Het liet me niet meer los."

Jan Waling Huisman (rjochts), Reinier Ingwersen en Maarten van der Weijden - Foto: Omrop Fryslân

Huisman is sels in triatleet. Sûnt de jierren '80 docht er triatlons. Hy is dêrmei ophâlden om't syn dochter Silke op heech nivo swimt. Takom wykein docht se mei oan de Nederlânske kampioenskippen. Dêr hopet se har te kwalifisearjen foar de Europeeske Jeugdkampioenskippen.

Huisman hat in soad bewûndering foar syn dochter. "Ze is nog maar 16 jaar, maar traint zo veel. 's Ochtends voordat ze naar school gaat en dan 's avonds weer." Huisman swimt no twa kear yn de wike mei syn dochter, mar dan wol yn in oare baan. "Ik zwem dan naast het beloftenteam waar ze in zit. Maar ze vliegen me voorbij. Het is ongelooflijk hoe snel ze kunnen."

Minsken dy't Anneke of de oare meiswimmers stypje wolle, kinne hjir jild donearje. En hasto sels ek in aksje foar Maarten, dan wolle wy dat graach witte. Trochjaan kin op omropfryslan.nl/maarten.

(advertinsje)
(advertinsje)