Undersyk nei ûngelok mei sweeffleantúch op Ljouwerter fleanbasis

De Onderzoeksraad voor Veiligheid docht ûndersyk nei in foarfal mei in sweeffleantúch op de Ljouwerter fleanbasis. Op 2 juny rekke in sweeffleantúch by in lierstart mei de rjochterwjuk de grûn, wêrnei't it tastel in grûnswaai makke. By in grûnswaai draait in fleantúch om syn eigen as.
(dit is net it sweeffleantúch yn it berjocht) © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De piloat is by it foarfal net ferwûne rekke. It fleantúch rûn skea op. Fierdere gegevens wol de Onderzoeksraad voor Veiligheid net jaan, omdat it ûndersyk noch rint. It giet neffens de rie om in ferkoarte ûndersyk, mar neffens in wurdfierder kin it noch wol in jier duorje foardat de útslach bekend is.