Greidefûgels, fytsen of kalkfrij wetter, wat wint reklamepriis 2018?

11 jun 2019 - 15:43

'Grutsk op Greidefûgels', 'Wy hâlde fan netsjes' fan Aquacell of toch 'De fytsesaak fan Joop Zandberg' wat is de bêste Fryske reklame fan 2018? Dat kinne de ynwenners fan Fryslân de kommende moanne útmeitsje by de jierlikse Fryske Reklamepriis.

Telefyzje - Foto: Shutterstock.com

It doel fan de Fryske Reklamepriis is om it brûken fan de Fryske taal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De priis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging, en wurdt al sûnt 1995 útrikt.

Foarige winners wiene ûnder oare de Mazzelshop, Resi Wooncentrum en Wetterskip Fryslân.

Der kin stimd wurde op in spesjale webside.

(advertinsje)