Sjinkie Knegt traint wer sûnt syn ûngelok mei slimme brânwûnen

11 jun 2019 - 15:33

Sjinkie Knegt hat foar it earst sûnt syn ûngelok wer meidien oan in training. Fiif moanne lyn rûn de shorttracker út Bantegea slimme brânwûnen op, mar tiisdei stie er wer op it iis. Hy trainde in heal oere mei mei de nasjonale trainingsseleksje shorttrack op De Vechtsebanen yn Utrecht.

Nei ôfrin sei Knegt tsjin in meiwurker fan de webside Schaatsen.nl dat er sels fûn dat it bêst goed gong. Sjinkie giet kommende tongersdei ek mei de seleksje op trainingskamp yn Frankryk, mar folslein meitraine kin er noch net. Dat komt benammen omdat er noch steunhoazen oan hawwe moat fanwege brânwûnen oan 'e skonken. Dy meitsje it oan hawwen fan in reedrydpak dreech.

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)