Undersyk nei groei wetterplanten yn marren

Wetterskip Fryslân ûndersiket hoe't it kin dat ûnderwetterplanten net goed groeie wolle yn grutte fearten en marren. Sokke planten binne wol wichtich foar skjin wetter.
Wetterplanten Wetterskip
De proef wurdt dien yn de fiver fan it haadkantoar yn Ljouwert en yn de De Leijen by De Rottefalle. Yn it wetter wurde dan matten dellein, mei dêrop ûnderwetterplanten. In pear matten wurde ôfskerme fan fisken en wetterfûgels, om út te sykjen wat foar ynfloed dy hawwe op de groei fan de planten.
De matten binne makke fan in materiaal dat maklik ôfbrekt yn de natuer.
Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net © Omrop Fryslân