IIsbear Nanu ferlit Aquazoo om romte te meitsjen foar pearke
Bistetún Aquazoo yn Ljouwert nimt meikoarten ôfskied fan syn jongste iisbear, Nanu. It bist giet nei in bistetún yn Frankryk, yn it ramt fan in Europeesk fokprogramma.
Yn Frankryk krijt de Ljouwerter iisbear selskip fan in oar mantsje. Nei de simmer krijt ek iisbear Felix in oar wenplak, dêrtroch ûntstiet der yn Ljouwert romte foar in pearke, sa skriuwt AquaZoo op Facebook.
Otter ferhuzing
Nanu is net de earste bewenner fan Aquazoo dy't fanwege it fokprogramma ferhuzet. Earder al krige reuze-otter Cashibo in nij plakje. De otter mocht op reis nei Poalen, om dêr yn de kunde te kommen mei in froulike reuze-otter, en hooplik neiteam te krijen.