Harmonie Weidum en VV ODV Wynjewâld Fryske klups fan it jier

11 jun 2019 - 14:24

Muzykferiening Harmonie út Weidum en fuotbalklup VV ODV yn Wynjewâld binne ferkeazen ta klup fan it jier yn Fryslân. Op it ynternet koe it publyk in stim útbringe, yn twa kategoryen: sport en kultuer. In faksjuery kiest no út alle provinsjale winners de lanlike winners. Dy krije workshops en masterclasses oanbean en meie in promoasjefilm meitsje.

Harmonie Weidum yn aksje by it simmerkonsert 2018 - Foto: Piet Douma

De ferkiezing is opsetten troch de Rabobank, yn gearwurking mei oare organisaasjes, bedriuwen en ynstellingen, lykas it NOC*NSF, regionale deiblêden en it LKCA, de organisaasje foar kultueredukaasje en amateurkeunst. Mei de ferkiezing kinne ferieningen en klups beleanne wurde foar de rol dy't sy spylje yn in mienskip.

Formule

Om te foarkommen dat de grutste klups en ferieningen automatysk ek de measte stimmen krije, is der in rekkenformule tapast. Yn Fryslân giene de measte stimmen nei muzykkorps Advendo yn Snits, mar troch dy rekkenformule einige it korps op in tredde plak.

Nije wike sille alle provinsjale winners harren feriening 'pitche'. In faksjuery bepaalt dêrnei hokker twa klups har 'Club van het Jaar 2019' neame meie.

(advertinsje)
(advertinsje)