Foppe de Haan sjocht foarút op WK: "Se hawwe wol in goede kâns om te oerlibjen"

11 jun 2019 - 14:07

Je kinne der net omhinne: it WK frouljusfuotbal is folop geande. De Nederlânske froulju spylje tiisdeitemiddei harren earste wedstriid yn Groep E. Tsjinstanner is Nij-Seelân. Dêrnei folgje noch wedstriden tsjin Kamerûn en Kanada. We sjogge foarút mei de eardere assistint-bûnscoach fan de froulju, Foppe de Haan.

Foppe de Haan - Foto: www.orange-pictures.nl

Foppe de Haan oer de Oranjefroulju

De Haan wie derby doe't de froulju yn 2017 Europeesk kampioen waarden. Hoe bot folget hy de wedstriden no? "Mear op ôfstân fansels. Fia radio, tillefyzje en de krante. Foar de rest net. Yn de tarieding ha ik noch wol ris kontakt hân mei Sarina Wiegman (bûnscoach fan de Oranje Liuwinnen, red.)."

De âld assistint-coach skat kânsen foar it Nederlânske team tiisdei goed yn. "Yn dizze pûl dêr't se no yn sitte, hawwe se wol in goede kâns om te oerlibjen. Ast nei de tsjinpartij sjochst en nei wat se sels kinne, soe it in grutte ferrassing wêze as se it net hellen. Ik tink dat we sa'n soad kwaliteit hawwe, dat we de lêste fjouwer helje kinne."

Favoriterol

De Oranje Liuwinnen binne Europeesk kampioen en hawwe dêrmei al in soarte fan favoriterol. Dat soe yn harren foar- én neidiel wurkje kinne. "It is mar krekt hoe't se dêrmei omgean. Se hawwe fansels nei it Europeesk kampioenskip in minne perioade hân. Ik ha it idee dat se dêr wol wer trochhinne binne."

Dochs hat de ploech binnen Europa noch wol konkurrinten. Neffens De Haan binne dat Dútslân, Frankryk en Spanje. "Bûten Europa giet it om de Feriene Steaten. Japan hearde der ek by, mar dy wiene moandei gewoan striemin. Australië wie ek minder as ik tocht hie."

Opstelling Nederlân - Nij-Seelân

Van Veenendaal; Van Lunteren, Van der Gragt, Bloodworth en Van Es; Groenen, Van de Donk en Spitse; Van de Sanden, Miedema en Martens.

(advertinsje)